Historische dei Mantgum!!
Sa faak bart it net dat der twa pelote teams yn de finale stean yn Weidum. Dat op sich wie al in hiele prestaasje. Mantgum 3 mocht foar it kampioenskip pelote tsjin Wiuwert en Mantgum 2 moast it opnimme tsjin Winsum. Of de ütspraak “goed voorbeeld doet volgen” fan de selde historicus/filosoof is wit ik net mar wie wol fan tapassing. De fruolju fan Mantgum hienen namelik yn Wiuwert tsjin Weidum de finale de deis derfoar al wûn. De mannen koenen, woenen se gjin gesichtsfelies leide, net efter bliuwe. Mantgum 2 hat dit jier 2 nije spilers oanlutsen. Johannes de Jong, de man is 50 jier mar it liket wol dat der yn in lichaam fan 25 sit en Klaas Goodijk. Klaas, jonge hûn mei in gigantische slach-kracht. Kaptein Jan Heida hat each foar talint en hulde dat der dizze spilers wist fêst te lizzen foar dit seizoen. Op wei nei de finale yn de poulewedstriden wie Mantgum al ongeslagen. De finale waard dêrtroch ek mei fol fertrouwen temjitte sjoen. Alles wûn en hast gjin buordsjes tsjin. Winsum mei in pear cracks yn it team sloech goed foar harren ôf en in makje soe it net wurde. Mantgum liet fuortendaliks yn it begjin sjen wa de favoriet wie. Se namen al snel in foarsprong fan 3 om’e 1. Winsum liet it der net bij sitte en en kaam werom oant 3-3. Yn it folgjende earst naam Winsum sels in 6-2 foarsprong. Doe wie it Klaas dy’t efkes orde op saken stelde en Mantgum pakte dochs in 4-3 foarsprong. Dernei wie it Mantgum dat hyltiten in foarsprong naam mar wie it Winsum dat altiten wer langs side kaam. Dit gie troch oant 9-9. Op 9-9 6-6 mocht good old Abe Jepma syn buordsje hâlde en mocht Mantgum de haage ophelje bij de priis útrikking. Takommend jier mei Mantgum probearje dit huzarnstikje te herhealjen. Dan it ferhaal fan Mantgum 3. Dizze mannen liken foar altiten fêst ruske te sitten yn de D poule. It seistal, dy’t mei harren sjirt sponsor al aardich wat faam opbouwt hat yn de federaasje, mei harren rose sjirtsjes keatse se al jierren yn de D poule. Sa no en dan in finale mar krekt net goed genoach om te promovearen. Wiuwert, dat eins de bettere keatsers hat, moast ferslein wurde woe Mantgum dochs einliks ris út de D-poule. Mantgum begong foortfarend. In pear kear op seis gelyk pakten se it earst en troch in pear opslach flaters oan de kant fan Wiuwert wie it dat Mantgum al redelik gauw útrinne koe nei in 5-3 foarsprong. Dernei kaam de ploech út Wiuwert op slach. Mantgum wist efkes net wer se it sykje moasten en Wiuwert wie yn no time wer bij. Bij Mantgum waard yngrepen en super sub Anne Terpstra waard binnen de linen brocht. It gewenste resultaat bliuwn yn earste instantie wat achterwege. Wiuwert gie “der op en er over” en rûn út nei in 9-5 foarsprong en de wedstriid like oer. Maaaaaaar dêr wie de Mantgummer rivival. It waar 9-6, 9-7, 9-8. Doe mocht alleskunner en hurddraver Roelof Oostra opslaan. Hij leppele de bal fjouwer kear nei de nûmer 4 en 5 fan Wiuwert. Sij wisten dêr gjin rie mei en sa wie Mantgum wer bij, 9-9! Doe mocht held fan de dei Pieter Klaversma it ôf meitsje . Pieter dwong earst in kweaslach ôf . Skjinne twa foar. Twa grutte keatsen yn de trechter slein troch Pieter soarge foar in 4-2 foarsprong yn it lêst earst. Doe moast Wiuwert twa grutte keatsen ferdedigje. De earste koe Mantgum net pakke en de twadde keats waard bûten slein troch de opponenten. 6-4. Dernei moast der in keats yn de midden fan de trechter ferdedige wurde. Stilte op it fjild yn Weidum. Sssstttttt waard der op de tribunes flustere. Pieter nimt de bal yn de hannen - slaat syn hân mei de bal noch trije kear waarm - it publiek mei “ingehouden adem op de banken” - Pieter komt mei syn oanrin – bringt de bal op de nûmer trije it perk – nûmer trije yn it perk slacht de bal út – Pieter komt mei in loopaksje foar de keats – hij sjocht de bal rjocht op him ôf kommen – hij docht syn hannen bij elkoar – de bal rekket yn fan beide hannen – Pieter hat de keats hâlden. MANTGUM WINT DE FINALE!!!! Sa koe it dat der binnen 24 oeren 15 krânsen nei Mantgum ta gienen. It wie in moaie dei en dizze waard tot betiid yn de moarn troch setten. It sil efkes wennen wêze foar de oare ploegen yn de D – poule. Oar jier gjin rose brigade mear! Der is toch in moai stikje Jacob Klaver skiednis skruiwn op freed 12 juny 2015. It wie de dei dat Mantgum 11 nije kampioenen ryker wie. Hulde!
Geplaatst op 13 June 2015